Juridysk

Juridysk oersetwurk freget in bûtengewoane sekuerens, want fan ditsoarte dokuminten kin soms in soad ôfhingje. PS Vertalingen wurket mei syn ekspertize en romme ûnderfining foar plysje, oerheid, rjochtbanken en advokate- en notariskantoaren. Gemeenten en it Ministearje fan Ynlânske Saken dogge ek geregeld in berop op ús.

Ús oersetters binne goed op de hichte fan de juridyske terminology en systematyk yn likegoed it Nederlânsk as yn har eigen taal.

Jo kinne by ús terjochte foar de oersetting fan bygelyks:

  • algemiene betingsten, kontrakten, dagingen, rjochtshelpfersiken, ferwarskriften, fonnissen, hieroerienkomsten, ferkeapbetingsten
  • offisjele persoanlike dokuminten, lykas diploma's, berte-akten, houliksakten, testaminten
  • ensfh.