Wurkwize

PS Vertalingen wurket mei in tige wiidweidige database fan 'native speakers', ferspraat oer de hiele wrâld. Dat ymplisearret dat we foar alle tinkbere opdrachten de goeie oersetter ynskeakelje kinne. It ynsetten fan fêste oersetters foar jo opdrachten smyt in konsistinte terminology en in rappe responstiid op.

De Nederlânske taal hoecht trouwens net standert it útgongspunt te wêzen by in oersetopdracht. Alle kombinaasjes fan frjemde talen binne mooglik. Test de saakkundichheid fan PS Vertalingen.

Oersetwurk sûnder lek of brek foar in korrekte priis. Dat is wat jo ferwachtsje meie fan PS Vertalingen. Koarte kommunikaasjelinen sûnder drokte of omballingen smite konkurrearjende tariven op. Levering bart binnen de ôfprate termyn en op de (digitale) wize dy't jo foarkar hat.